Auto bedarret yn de sleat by Drachten

08 maaie 2020 - 15:36

Op de krusing fan De Knobben en it Noarderein yn Drachten is freedtemoarn in âlder pear mei harren auto yn it wetter rekke. Hoe't dat krekt barre koe, is net dúdlik.

Foto: De Vries Media

De minsken koene der sels net útkomme, de brânwacht hat se mei auto en al út it wetter takele. De minsken kamen mei de skrik frij.

(advertinsje)
(advertinsje)