Pykjes en aaien fan rêden earrebarren by Kollum hawwe it net oerlibbe

08 maaie 2020 - 14:04

De twa pykjes en aaien fan de twa jonge earrebarren dy't de brânwacht tongersdei út in nêst helle by Kollum, hawwe it net oerlibbe. Heit en mem earrebarre wurde no yn fûgelopfangsintrum Fûgelpits yn Moddergat behannele.

Mei de twa ferwûne earrebarren liket it reedlik goed te gean: sy hawwe no earst in plakje yn it fûgelopfangsintrum fan Moddergat. "Het lijkt op zich goed te komen. We hebben ze eerst de behandeling gegeven, het is even afwachten hoe het gaat", seit Rinaldo Korst fan Fûgelpits.

Der meie net tefolle minsken by de bistjes komme, sadat de earrebarren sa min mooglik stress hawwe sille. By de opfang hiene sy earst noch de hope dat se ek de pykjes en aaien rêde koene. "We hadden wat stro in de hoek, zodat we een tijdelijk nest voor ze konden bouwen en moeder verder kon." Mar it soe der net mear fan komme.

Foto: Omrop Fryslân

Besketten

By de Fûgelpits hawwe se it fermoeden dat de bisten besketten binne. Se koene gjin hagel fine by de earrebarren, mar beide fûgels ha in ferwûning oan de wjukken. "De een heeft twee botbreuken, de ander drie", seit Korst.

Yn de opfang kinne se net by de bisten útfine wat der no krekt bard is. Dêrom rjochtsje sy harren earst op behanneling fan de twa jonge earrebarren. "Belangrijk is nu even het dier."

Ferslachjouwer Timo Jepkema is by fûgelopfangsintrum Fugelpits

(advertinsje)
(advertinsje)