Advokaat Segaar: 'Beslút KNVB net objektyf'; útspraak foarearst op 14 maaie

08 maaie 2020 - 12:59

De KNVB is net berjochtige om it beslút te nimmen om Cambuur en De Graafschap net promovearje te litten. Dat sei advokaat Dolf Segaar freedtemoarn by it koart pleit fan de twa klups tsjin de KNVB. Hy wiisde ûnder mear op de 'gebrekkige procedure in de besluitvorming' fan it fuotbalbûn. De klups easkje dan ek dat dit beslút weromdraaid wurdt en dat der in nij beslút naam wurdt, wêryn't promoasje fan beide klups opnaam is.

Advokaat Dolf Segaar oer it koart pleit fan freedtemoarn:

Dolf Segaar, de advokaat fan Cambuur en De Graafschap, krige yn de rjochtbank fan Utrecht as earste it wurd. Neffens him is de KNVB net berjochtige om it beslút te nimmen om Cambuur en De Graafschap net promovearje te litten. Neffens Segaar moat de troch oermacht ferkoarte kompetysje yn de eare- en earste difyzje gewoan útlein wurde as in reguliere kompetysje en dêrby is de ranglist bepalend.

Neffens him stiet nammentlik net yn de reglementen dat in alle klups perfoarst twa kear tsjin elkoar spylje moatte. Segaar seit dus dat de KNVB de regleminten efterôf oanpast en dat is neffens de advokaat net mooglik. Hy beropt him dêrby ûnder mear op in eardere útspraak fan it ynternasjonale sporttribunaal CAS.

'Grondige analyse'

De sportadvokaat gie ek yn op de stimming dy foarôfgie oan it beslút fan it KNVB. It bûn hie de klups om harren miening frege wat promoasje en degradaasje oanbelange. Sechstjin klups wienen yn dy stimming foar promoasje/degradaasje, njoggen klups tsjin en njoggen klups neutraal. Nei 'grondige analyse' kaam Segaar lykwols ta de konklúzje dat mar seis 'relevante clubs' tsjin promoasje/degradaasje wienen en fjirtjin klups foar.

Hjirút konkludearret Segaar dat mar tweintich persint fan de 'relevante clubs' (seis fan de tritich) tsjin it beslút is. Dêrneist wiist Segaar derop dat it foar de blankostimmers net dúdlik wie dat harren stim meinaam wurde soe yn de útslach. Neffens him ha AZ en FC Utrecht yntusken witte litten dat se foar stimme soenen, as dat wol dúdlik west hie.

Nije ledegearkomste

Segaar konkludearret úteinlik: "De beslissing van KNVB is niet-transparant, niet op basis van sportieve gronden genomen, niet-objectief en disproportioneel voor de eisers. En het is in strijd met redelijkheid en billijkheid. Wij willen dat het besluit wordt vernietigd."

Cambuur en De Graafschap fersykje de KNVB fierder in ledegearkomste út te skriuwen. Dy stiet op dit stuit pland op 18 juny, mar neffens de klups is dit te let fanwegen de tarieding op it nije seizoen.

Advokaat KNVB

Nei Segaar kaam advokaat Harro Knijff fan de KNVB oan it wurd. Hy lei de rjochter út dat de stimming oer de promoasje/degradaasje inkeld in peiling wie. Dêrneist wie der neffens Knijff gjin mearderheid foar promoasje/degradaasje, omdat der mar sechstjin fan de 34 klups foar wienen.

Knijff fynt derom dat de KNVB wol deeglik it rjocht hat om ta dit beslút te kommen. "Cambuur en De Graafschap lijken iets te miskennen: het besluit om de competitie stop te zetten is gebaseerd op het reglement. Het besluit om niet te promoveren en degraderen, komt uit het reglement dat daar over gaat. Er bestaat geen twijfel over dat het de bevoegdheid is van het bestuur betaald voetbal over promotie en degradatie te beslissen en niet de ledenvergadering", sei Knijff.

Advokaat Harro Knijff fan de KNVB oer it koart pleit fan freedtemoarn:

De opsje om yn it kommende seizoen mei tweintich klups yn de earedifyzje te spyljen is neffens de KNVB gjin opsje. Neffens advokaat Knijff is dat genôch ûndersocht. "Aan alle kanten was dat een onwenselijke planning en nagenoeg onmogelijk", seit Knijff.

Neffens Knijff kin it ek net sa wêze dat de rjochter de KNVB opdrage sil om tweintich klups yn de earedifyzje ta te litten. "Zover gaat de reikwijdte niet", seit Knijff.

De rjochter docht foarearst op 14 maaie útspraak.

Algemien direkteur Ard de Graaf oer it koart pleit fan freedtemoarn:

(advertinsje)
(advertinsje)