Oarsaak gaslek by Zienn is dúdlik: bewenners kinne wer nei binnen

08 maaie 2020 - 12:21

It gebou fan opfanglokaasje Zienn oan de Nieuweweg yn Ljouwert wie freed oan it begjin fan de middei ûntromme, nei't de brânwacht in melding krige fan in gaslucht. Yntusken is de oarsaak fan it gaslek by Zienn dúdlik en kinne de bewenners it gebou wer yn.

Foto: ProNews

De brânwacht moast útride mei twa weinen. It gebou hat in skoft ûntromme west en de strjitte ôfsetten.

(advertinsje)
(advertinsje)