GGD: Gjin nije coronastjergefallen, seis nije positive tests

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân gjin nije coronastjergefallen meld. Dat nijs bringt GGD Fryslân. Dêrmei bliuwt it oantal minsken dat ferstoarn is oan de gefolgen fan it coronafirus op 63 stean. Der binne it ôfrûne etmiel wol seis nije positive tests bykaam. By 532 Friezen is it firus no offisjeel fêststeld.
GGD Fryslân © GGD Fryslân