FIDEO: Soan fan 'Auke de Sloper' stipet Cambuur yn Utrecht

08 maaie 2020 - 11:53

SC Cambuur krige freed by de rjochtbank yn Utrecht stipe út ûnferwachte hoeke. De soan fan Auke Visser, better bekend as 'Auke de Sloper' ried toeterjend by de rjochtbank del mei giel-blauwe flagen út 'e auto. Hy woe syn klup in hert ûnder de riem stekke en wie fernuvere dat der net mear supporters nei Utrecht kaam binne.

(advertinsje)
(advertinsje)