Boarstkanker yn coronatiden: de lockdown makket it ekstra iensum

It binne ûnwisse tiden, foar elkenien. Mar foar wa't dan noch de diagnoaze kanker krijt, is it in ekstra swiere opjefte. Tine Terpsma fan Minnertsgea is 45 en hat te hearren krigen dat se boarstkanker hat. Tagelyk mei de lockdown is sy oan har behanneltrajekt begûn. En dat is dreech. Want gemo's kinne it ymmúnsysteem flink oantaaste en dus hawwe je mear kâns om corona te krijen. De kommende moannen bliuwt de húshâlding mei twa bern hoe dan ek yn thúsisolaasje.
Boarstkanker yn coronatiden
Dat der no in lockdown is, is in foardiel: der komme net in soad minsken del en dat makket dat der minder kâns is om in firus op te rinnen. It neidiel is dat je je ferhaal net kwyt kinne. "Oars treffe je noch wolris minsken by de winkel of it skoalplein, dat is no ek net sa. Ach, ek wol wer lekker rêstich, juh."
Tine Terpsma hâldt de moed deryn. Bliid dat se net op in flat twa heech earne wennet. Mar dochs: kanker is al min nijs, mar it coronafirus leit ek op 'e loer; de sûnens sil troch de gemo's ferswakje en dan rinne je ynienen mear kans op in corona-ynfeksje. "Ik moat dy coronatroep der net by krije", leit Tine fia Skype út. Mei har 45 jier hearde se net ta de risikogroep, mar sûnt har boarstkanker en de earste gemo dus wol.
Tine har bern Roelof Klaas en Femke boartsje op de trampoline, sjogge efkes by de kij, skeure op 'e nije skelters oer it hiem fan it boerebedriuw. Sy sille foarearst net nei skoalle, wylst harren freonen en freondinnen aanst wol wer sille. Se begripe it beiden wol, want mem moat gjin corona krije. "Dan kin se wol deagean", seit Femke mei in earnstich gesicht. Of se moat nei it sikehûs en dan kinne de bern net iens by har del. De bern witte hiel goed hoe't de situaasje derhinne leit. Mar se komme de dagen wol troch hear, fertelle se. Heit helpe, lekker mei de bisten. En se ha dus skelters krigen.

Iensum

Mar de lockdown makket it wol ekstra iensum. Tine woe graach dat har man by de alderearste gemo wêze koe. Se hat noch belle mei it sikehûs oft it echt net mocht, mar it koe net. Se begrypt it ek wol wer, want as sy aanst fierder yn 'e behanneling sit en har wjerstân wurdt minder, dan soe se ek net wolle dat der mear minsken by de gemo's binne as nedich. Mar dochs wie dy earste kear wol dreech. Efterôf besjoen foel it lykwols enoarm ta, se fielt har ek bêst wol goed noch.
Je kinne ek net ienfâldich in berop dwaan op de omjouwing, foar it riden nei it sikehûs. Of om je ferhaal kwyt te kinnen. En de oare kant; alles stiet stil, dat se hoecht ek neat te missen.

Ûnwis

Alles is ûnwis as je kanker hawwe. Mar mei corona noch mear. Earst wie it net wis oft har boarstamputaasje trochgean koe. Yn it suden fan it lân lei dat stil. Mar hjir koe it trochgean. En sels noch earder, omdat der kapasiteit oer wie.
Tine seach it sikehûs by elke besite feroarjen. Earst fûn se it spannend om it sikehûs yn te gean. Se wie bliid dat der mear maatregels kamen en dat it stranger waard. It is no in nuver gesicht, sa ûnwerklik leech, linten hjir en dêr, stuollen dy't der tuskenút helle binne. Doe't se foar de twadde kear in lytsere operaasje moast, waard se earst op corona test. Want wa't corona hat, rint gefaar dat de sykte djipper yn it liif komt mei in operaasje, troch de beäzemingsapparatuer.

Posityf

Tine Terpsma bliuwt posityf. De simmer stiet foar de doar. Se hopet dat it firus him dan ek wat deljaan sil. De bern binne al sa lang thús, dy hâldt se ek mar thús oant de simmerfakânsje. Want ek al sizze se dat it wol tafalt mei bern, se nimt it wisse foar it ûnwisse. Nei de simmer hat Tine har lêste gemo. Se hopet dat se dan gau wer sterk genôch is. Mar wisschheid is der net. Net sa lang der gjin faksin is. Mar dat jildt foar elkenien hè, seit Tine.
Boarstkanker yn Coronatiden (langer skypepetear mei Tine