Ferhege konsintraasjes PFAS yn dúngebiet Skylge

By de Nederlânske kust del binne by ûndersyk fan it RIVM ferhege konsintraasjes PFAS oantroffen, ûnder mear yn it dúngebiet fan Skylge. PFAS is de sammelnamme foar net-ôfbrekbere, troch de minsk makke giftige stoffen.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Hoe't dy stoffen dêr telâne kaam binne, is net bekend. RIVM-ûndersiker Arjen Wintersen tinkt dat se boppe see yn hiel lytse wetterdrippen opnaam binne, dy't letter op it lân telâne kamen. "Op die manier zouden ze voor hogere concentraties op land kunnen zorgen, maar ik zeg er nadrukkelijk bij 'zouden'. Het is echt iets dat nog in onderzoek is", sei hy yn it NOS Radio 1 Journaal.
Neffens Wintersen giet it foarearst om lege konsintraasjes. "Op dit moment hebben we niet een indicatie dat het om concentraties gaat die boven risicogrenzen liggen." Hy slút net út dat der mear ûndersyk nedich is, om dêr wissens oer te krijgen.
It RIVM bringt op dit stuit de fersprieding fan PFAS yn de Nederlânske boaiem yn kaart. Healwei dit jier moat dat klear wêze. "Dan kun je iets zeggen over hoe erg die concentraties pfas zijn", sei Wintersen.