Het Greidenhuis: nije soarchlokaasje foar minsken mei demintens op It Hearrenfean

08 maaie 2020 - 10:33

Soarchorganisaasje Dagelijks Leven bout oan in nije soarchlokaasje foar minsken mei demintens. 'Het Greidenhuis' biedt plak foar tweintich bewenners en komt yn de Wulpstrjitte op It Hearrenfean.

Foto: Het Greidenhuis

De bewenners sille hjir safolle as mooglik diel útmeitsje fan de wyk. Dêrneist hawwe se tagong ta 24-oers spesjalisearre soarch en beskikke se oer in eigen studio. Minsken kinne har al ynskriuwe. Het Greidenhus wurdt 25 septimber iepene.

"Wij hebben bewust gekozen voor deze locatie", fertelt lokaasjemanager Aukje Ressing fan Het Greidenhuis. "Dit is een actieve omgeving met alle voorzieningen dichtbij en midden in een gezellige buurt. Wij streven ernaar om de bewoners van Het Greidenhuis zo veel mogelijk deel uit te laten maken van de wijk."

(advertinsje)
(advertinsje)