Van Elsacker fan Izore: "Het aantal te testen personen zal behoorlijk toenemen" 

08 maaie 2020 - 10:19

Fan 1 juny ôf moat it mooglik wurde dat alle minsken mei klachten test wurde kinne op it coronafirus. Neffens minister de Hugo de Jonge fan Folkssûnens moat de testkapasiteit flink útwreide wurde. By de laboratoaria Izore yn Fryslân en Certe yn Grinslân en Drinte binne se der klear foar. Anne-Marie van Elsacker, direkteur medyske mikrobiology by laboratoarium Certe en Izore: "Het aantal te testen personen zal behoorlijk toenemen."

Foto: Shutterstock.com (Jarun Ontakrai)

De ferwachte stiging fan it oantal testen op corona sille se ek yn Fryslân opfange troch net-reguliere laboratoaria yn te skeakeljen, fertelt Van Elsacker. Yn it hiele lân komme der mear labs by om aanst oan de ferwachte fraach oan testen te foldwaan. Sa sille labs as it universiteitslab fan Wageningen taret wurde op it neisjen fan de coronatests.

Hygiëneregels

"Er is uitgesproken dat we ernaartoe gaan dat iedereen met coronapassende klachten getest zal worden. Dat zal het aantal te testen personen behoorlijk doen toenemen", seit van Elsacker. Se beklammet dat de hygiëneregels dêrtroch tige wichtich bliuwe en dat it testen net sûnder tuskenkomst fan in dokter barre sil. Oars kin it wêze dat der ynkoarten dochs te min testkapasiteit is.

Wiis mei 'stap foar stap'

Van Elsacker seit wiis te wêzen mei de oankundiging fan it kabinet om de maatregels stap foar stap te ferromjen, ûnder betingst fan it tal besmettings en sikehûsopnamen. "Als ze dat niet zouden doen, met die veiligheidsklep, dan zou ik er niet blij mee zijn. Dan denk ik dat we veel te vroeg veel te vrij zullen worden." Dochs ferwachtet Van Elsacker wol dat in ferromming fan de 'yntelligente lockdown' earst mear besmettings en sikehûsopnames opsmite sil.

It fêststelde tal besmettings sil ek heger wurde troch it hegere tal coronatests yn de provinsje. Van Elsacker: "Als in principe iedereen met passende klachten getest kan worden, krijg je een veel preciezer beeld. Dan is het de vraag: zijn we echt een toename aan het meten of zijn we aan het meten wat er is? Daar moeten onze epidemiologen weer naar kijken."

Neffens Van Elsacker jout it tal sikehûsopnames in goed byld fan hoe't it coronafirus him ûntwikkelet. "De graadmeter zit hem in of we het aantal ziekenhuisopnamen zien toenemen."

Anne-Marie van Elsacker fan Izore

(advertinsje)
(advertinsje)