Undersyk nei effekt minder toeristen op Waadnatuer

08 maaie 2020 - 10:11

Sovon Vogelonderzoek ûndersiket oft der ek ekstra briedfûgels bykomme op Skiermûntseach, no't it hiel lang in stik rêstiger wie op it eilân troch de coronakrisis. Benammen strânbrieders lykas de bûnte wilster of de lytse stirns kinne gewoanwei mar dreech in goed in briedplak fine om't wy minsken har yn it paad sitte.

Minder drokte op it eilân smyt ek kânsen op foar minsken dy't sljocht binne op it besjen en it fotografearjen fan fûgels, lykas Jesse Sinnema: "Justerjûn hie ik in hoarnûle dy't by de jachthaven oan it jeien wie om 20.30 oere. Gewoanwei sjochtst dat folle letter, as it tsjuster is." Hy tinkt dat dat komt om't de haven sa goed as leech is.

Yn de Westerplasse tsjinoer de fûgelhutte is no in leppelbek oan it brieden. Gewoanwei sitte sy net sa tichteby, mar oft dat komt trochdat it rêstiger is, doart boskwachter Cyntha Borras fan Natuurmonumenten net te sizzen. Wol hat de natuerbehearder frege om it ûndersyk dat him benammen rjochtet op de westkant fan it eilân. "We weten dat daar vroeger strandplevieren te vinden waren en die broeden er al jaren niet meer en we weten niet waarom. Misschien speelt verstoring daarbij een rol."

Minsken komme oan fan de fêste wâl ôf op Skiermûntseach - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Beskerming

Op it stuit sit der in lytse briedkoloanje ûnwaarsfûgels. Dat jout oan dat it gebiet wol potinsje hat. Mar Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek wol ek net te optimistysk wêze. "Om't it dûkelmantsje sa troch de jierren hinne sa'n seldsume fûgel wurden is, stiet der net in hiele batterij dûkelmantsjes klear om de westkant fan Skiermûntseach te besetten. It is ôfwachtsjen oft der überhaupt wat op komt."

En as soks wol bart, hat dat konsekwinsjes. Borras: "Dat betekent niet meteen het afsluiten van een gebied, maar we zullen zeker actie ondernemen en misschien tijdelijk een plekje beperken waar mensen niet mogen komen. En er voor zorgen dat er geen loslopende honden bij nesten kunnen komen. Misschien komt er ook beter toezicht."

Jesse Sinnema wurket yn de hoareka, mar hie no in soad tiid om efter de fûgels oan te gean - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Losrinnende hûnen

En dy ekstra beskerming komt der takom moandei al, nei't de briedkoloanje ûnwaarsfûgels foar myn eagen fersteurd waard troch in losrinnende hûn. "Er broeden hier vogels", rôp ik noch nei de twa froulju dy't mei fjouwer losrinnende hûnen ûnderweis wiene oer it strân. Myn meidieling dat de hûnen hjir oan 'e line moasten, makke ek al gjin yndruk.

In skoftke letter gongen der twa hûnen troch it fjild wêrby sy entûsjast reagearren op opfleanende fûgels. De koloanje sil no mei peallen en tried ôfskerme wurde en der komme buorden by om út te lizzen wêrom. Boppedat wurdt it ferbod op losrinnende hûnen yn it gebiet noch dúdliker makke mei mear buorden, sa lit boskwachter Borras witte.

Ferslachjouwer Remco de Vries gie nei Skiermûntseach

(advertinsje)
(advertinsje)