Provinsje tsjin foarnimmen minister Slob om Tresoar ôf te stjitten

08 maaie 2020 - 08:45

De provinsje makket him soargen oer de takomst fan Tresoar. Minister Arie Slob fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip wol dat alle histoaryske sintra, dus ek Tresoar, fan 2024 net mear ûnder in ryksregeling falle. Neffens de provinsje kin dat hielendal net, om't Tresoar tige wichtich is foar de Fryske taal en kultuer en it Ryk dêr ek in soarchplicht foar hat. De provinsje hat dêrom in brief nei de minister stjoerd.

De stúdzjeseal fan Tresoar yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Deputearre Poepjes leit út: "Der binne 12 rykshistoaryske sintra yn Nederlân. Dy binne yn eltse provinsjale haadstêd, ek yn Ljouwert. It Ryk seit no: 'It binne moaie ynstituten, mar provinsjes en gemeenten moatte it sels mar dwaan. Wy stappe út de mienskiplike regeling.' Dêr komt it op del." It giet om de saneamde 'Wet Gemeenschappelijke Regelingen,' dêr't de argiven op ynsteld binne.

Minder jild

De provinsje is dêr om twa redenen op tsjin, seit deputearre Poepjes. Alderearst is de provinsje benaud dat der no gjin besuniging oan keppele is mar dat dit yn de takomst miskien wol barre kin as der minder jild beskikber is. "Wy sitte der as provinsje oer yn dat it Ryk op lange termyn miskien ek it jild foar ynstellingen skrasse sil. Dat is no net oan de oarder, mar dat moat foar bygelyks 2028 ek net, fine wy."

Rykstaal Frysk

De provinsje jout fierder oan dat Tresoar in bysûndere posysje hat njonken de oare histoaryske sintra, om't it Ryk ek in soarchplicht hat foar de Fryske taal en kultuer. "De twadde reden dat de provinsje it weromlûken fan it Ryk út de Tresoar-organisaasje net in goed idee is, hat dermei te krijen dat it Frysk ús twadde Rykstaal is. Tresoar is in bewar- en samlingsplak dat mei Fryske taal en literatuer út te stean hat. En der binne ynternasjonale ferplichtingen foar de Ryksoerheid om de twadde Rykstaal dêr yn te betsjinjen." Neffens de provinsje is it Ryk mei de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuur en it Europeesk Hânfêst ferplichte om him yn te setten foar Tresoar.

Uteringen fan kultuer

Neffens Poepjes ûnderskiedt Fryslân him fan oare provinsjes. "It is wol lestich as der útsûnderingen binne yn provinsjes. Dêr moatte je yn alle rêst oer prate mei it ministearje. Want it Frysk is net samar in dialekt of in leuk ding, mar ús twadde Rykstaal dêr't ynternasjonale ferplichtingen oan fêstsitte. Nederlân hat sein it wichtich te finen dat dizze taal ek yn literatuer en skiednis werom te finen is."

Neffens de provinsje is Tresoar mear as in argyf allinne, it is ek de provinsjale biblioteek, it letterkundich sintrum en it plak fan it Fries Filmarchief. It hat dus wichtige funksje as kennis-ynstitút foar Fryslân. "By Tresoar lizze ek samlingen mei brieven en literatuer út in soad iuwen. As jo in taal hawwe, bestiet der ek it rjocht om dêr uteringen fan kultuer werom fine kinne. Dat is net allinne in sprektaal is. Dat fynt by Tresoar plak en dêr hat de Ryksoerheid him ta ferplichte om dat yn stân te hâlden."

De provinsje hopet der yn in petear mei de minister út te kommen. En as dat net slagget? "Dan moat der ek mei de Twadde en Earste Keamer oer sprutsen wurde, dit wurdt ek yn de argyfwet regele," seit Poepjes.

Deputearre Sietske Poepjes

(advertinsje)
(advertinsje)