Kollum: "Onvoorstelbaar kut"

08 maaie 2020 - 08:30

"Nei alles wat ik sjoen en heard ha, fyn ik dizze yntelliginte lockdown sa stadichoan in 'feestje' fan âlde nuten wurden. It is allegear praat oer dat it ek wol wat minder koe. Moatte we sa faak út te iten of op in terras sitte? Is it no echt nedich dat der alle wykeinen in festival is? En we hoege ek net fjouwer kear yn 't jier op fakânsje of meters bier te keapjen om dy dêrnei troch in feesttinte te smiten. Koene we ús eartiids mei minder ek prima rêde? Dat kin dan no wol wer.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Oan 'e iene kant bin ik dêr bêst wol mei iens mar oan 'e oare kant bin ik ek sa'n figuer dy't nei ien kear op de frijmerk yn Ljouwert fuortendalik besletten hat dêr noait wer te kommen! Ik kin perfoarst net oer dy drokte en krij op sokke mominten de oanstriid om as in wylde om my hinne te reagjen. Ik wol my frij bewege kinne en net achter in oar oankeutelje dy't in folle stadiger tempo hat. Dat jildt dus ek foar it befrijingsfestival, Pinkpop, ensfh.

Ik ha ien kear op Pinkpop west doe't Metallica dêr spile en dat wie tagelyk de lêste kear. It konsert wie prachtich en ik wie dêr mei myn suske en in freon. We ha by famylje yn Maastricht sliept dus it wie bêst genôch mar it wie my dêr ek fierste drok! Dêr komt by dat ik slim ûngesteld wie en der sadwaande ek noch in dixietrauma oan oerholden ha. Dochs binne der in hiele soad lju dy't net in jier oerslaan, ek al soene se op in amer skite moatte.

In protte minsken geane net allinnich nei harren eigen doarpsfeest mar ek nei buerdoarpen en dêrneist nei oare festiviteiten. Sy fine it net slim om achter in oar oan te keuteljen of yn 'e rige te stean foar in hânfol munten. Se hearre ek graach nei it ferskaat oan lûde muzyk en spuie net yn in pot bier. Is soks no fan alles tefolle, of ien bonk weelde? It is mar krekt hoe'tst it besjochst.

Myn idee fan in slagge útstapke is in high tea op Lauswolt en as ik te rinnen bin, dan fyn ik it hielendal net slim om nimmen tsjin te kommen. Mar tagelyk besef ik my goed dat ik net allinnich op dizze wrâld bin en yn al it nijsgeweld omtrint dit firus wurdt de jeugd gauris ferjitten. Doe't wy fan 'e wike by de keukentafel sieten te iten en ik oan Hylke en Teunis frege wat sy hjirfan fûnen, sei Teunis dan ek út de grûn fan syn hert: 'Onvoorstelbaar kut!'

Want om dizze tiid hinne binne de moaiste feesten en de simmer is de moaiste tiid fan it jier mar no is der hielendal neat te belibjen en Teunis seach as begjinnende DJ fiif boekingen nei de bliksem gean. Hylke hie sûnder it firus net iens by de keukentafel sitten mar op in grut charterskip op de Oastsee. Ek dat gong net troch, krekt as de merke, it skûtsjesilen, de Swarte cross en alle ferdivedaasje dy't dêr by heart.

En soks is net allinnich in kwestje fan jildfergriemerij yn in konsumpsjemaatskippij. It giet ek oer ferbining, gesellichheid, ûntwikkeling en kreativiteit. En ek al begripe se echt wol wêrom't it no sa is, it gemis is der net minder om. 'Mar wy rêde ús wol, hear,' sei Teunis by't eintsje beslút en dêr sit ik ek net oer yn. Dochs hoopje ik al dat se aanst gau wer ris meters bier de loft yn slingerje kinne. Sterker noch, dizze âlde nút gunt it harren fan herte!"

(advertinsje)
(advertinsje)