Bestelbuske en auto klappe op elkoar op N351 by Makkingea

Op de N351 yn 'e buert fan Makkingea binne freedtemoarn in bestelbuske en in persoane-auto op elkoar klapt. Beide weinen rekken by de oanriding flink skansearre.
© ProNews
De persoane-auto bedarre troch de oanriding yn de sleat neist de dyk. De bestjoerders binne troch ambulânsepersoniel kontrolearre, mar soene net nei it sikehûs ferfierd hoege te wurden.
Hoe't de oanriding barre koe, wurdt noch ûndersocht. De dyk is fanwege it ûngelok ôfsletten foar ferkear. De auto's wurde troch in berger fuortsleept.