Fuotbalklups tebekhâldend oer earedifyzje mei Cambuur en De Graafschap

Promoasje foar SC Cambuur en De Graafschap en folgjend seizoen in earedifyzje mei tweintich klups. It is in foarstel dat yn Ljouwert en Doetinchem mei in soad blydskip begroete wurde soe, mar hoe sit dat by de rest fan fuotbaljend Nederlân? Omrop Fryslân makke in rûngong by alle betelle fuotbalklups del oer hoe't se dêr tsjinoan sjogge. De mearderheid wol der net op foarútrinne.
© Orange Pictures
It koart pleit fan SC Cambuur en De Graafschap tsjin it beslút fan fuotbalbûn KNVB om de twa klups net promovearje te litten, tsjinnet freed. It is live te sjen by Omrop Fryslân, op de webside en yn de app. De útslach folget binnen twa wiken.
Mocht de KNVB gelyk krije fan de rjochter, dan soene Cambuur en De Graafschap in algemiene leadegearkomste fan de KNVB as lêste rêdingsboei hawwe om promoasje ôf te twingjen. Foar 18 juny stiet der in ledegearkomste pland.
Mochten Cambuur en De Graafschap dizze kwestje op de aginda sette wolle, dan moatte se úterlik in wike foar de gearkomste in skriftlik fersyk yntsjinje. Dêrfoar sille se wol meistanners sykje moatte, want om in punt op de aginda te setten, binne minimaal fiif klups nedich.

Hoe steane klups tsjinoer in earedifyzje mei tweintich klups?

Foar (7) Tsjin (4) Gjin ynhâldlike reaksje (23)
AZ FC Emmen ADO Den Haag
SC Cambuur FC Groningen Ajax
Go Ahead Eagles Heracles Almelo Almere City
De Graafschap FC Volendam FC Den Bosch
Roda JC FC Dordrecht
Sparta Rotterdam FC Eindhoven
PEC Zwolle Excelsior
Feyenoord
Fortuna Sittard
SC Heerenveen
Helmond Sport
MVV Maastricht
NAC Breda
NEC
PSV
RKC Waalwijk
Telstar
TOP Oss
FC Twente
FC Utrecht
Vitesse
VVV-Venlo
Willem ll

Earedifyzje

De tendins is dat de measte klups harren net brâne wol oan dit stânpunt. Op AZ nei, dy klup is dúdlik. Wurdfierder Lisanne Nooter lit witte dat AZ-direkteur Robert Eenhoorn by Studio Sport earder ek al kenber makke hat dat AZ wol foar tweintich klups is: "Dan heb je oog gehad voor de onderkant van de Eredivisie en de bovenkant van de Eerste Divisie. Natuurlijk is het lastig om het in het programma te verwerken, maar tijdens de call werd gezegd dat het nagenoeg onmogelijk was. Dan denk ik: het is niet onmogelijk."
Se binne seldsum yn de earedifyzje, mar PEC Zwolle is foarstanner fan tweintich klups. Algemien manager Jeroen van Leeuwen: "Er komen voor ons twee mooie wedstrijden bij, met De Graafschap en Cambuur. Dat is voor ons wel interessant." Ek Sparta Rotterdam lit witte foar it plan te wêzen.
© Orange Pictures
Het is op dit moment ook niet aan ons om hier iets van te vinden.
Parsefoarljochter Marco Heerschop fan SC Hearrenfean
Ajax stiet posityf tsjinoer it plan, mar wol dochs gjin stelling ynnimme, sa lit de klup yn in statement witte: "Het is niet zo zwart-wit dat Ajax voor of tegen is. Ajax staat voor het komende seizoen niet onwelwillend tegenover een eredivisie met twintig clubs. Maar het hangt af van de invulling ervan en ook of en zo ja, hoe wordt omgegaan met bijvoorbeeld de nationale bekercompetitie en het Europese voetbal."
Ek SC Hearrenfean hâldt him op de flakte. Parsefoarljochter Marco Heerschop: "Wij zijn in lijn met ons eerdere statement van mening dat dit een zaak is van de KNVB. Het is op dit moment ook niet aan ons om hier iets van te vinden." FC Utrecht en VVV-Venlo litte fia harren parsefoarljochter witte dat se gjin stânpunt ynnimme.
Fortuna Sittard, FC Twente, Willem ll, Vitesse en PSV reagearje wol, mar mei dat se gjin reaksje jaan wolle. Wurdfierder Thijs Slegers fan PSV seit dat se dit ûnderwerp allinnich beprate wolle mei de partijen dy't dêroer geane. Dus mei de ECV en de KNVB en net fia de media. Feyenoord wol hielendal net reagearje. ADO Den Haag en RKC Waalwijk wiene net te besetten foar in reaksje oer dit ûnderwerp.
FC Groningen lit út namme fan parsefoarljochter Richard van Elsacker it folgjende witte: "Wij hebben hier onze eigen zorgen en houden ons dan ook niet bezig met vragen over situaties die vooralsnog niet aan de orde zijn. Met andere woorden: op dit moment geen commentaar."
In opmerklik stânpunt, want earder liet FC Groningen-direkteur Wouter Gudde yn in podcast fan RTV Noord witte dat hy tsjin tweintich klups is. Dêryn seit Wouter Gudde: "Wij zien in de kalender een groot risico met twintig teams. Omdat die kalender zo vol zit, dat je zonder publiek moet gaan spelen zo groot wordt."
FC Emmen en Heracles Almelo binne fûl tsjinstanner fan de plannen. Algemien direkteur Rob Toussaint fan de Almeloërs: "Dat is niet goed voor het betaalde voetbal. Je zou het wel structureel kunnen doorvoeren, bijvoorbeeld voor de komende tien jaar. Maar als het slechts voor één seizoen is, dan gaan clubs onverantwoorde risico's nemen om niet bij de onderste vijf te eindigen. Dan breek je het voetbal af."
© Orange Pictures

Earste difyzje

De klups yn de earste difyzje litte op it stuit in ûndersyk dwaan nei de helberens fan it plan. Dat wurdt dien troch de CED (Coöperatie Eerste Divisie). Der is boppedat ôfpraat dat de klups kollektyf nei bûten komme sille. Dochs hâlde net alle klups harren dêroan. Sa lit FC Volendam witte dat it tsjin is, wylst Go Ahead Eagles en Roda JC just foar binne. Wol ûnder in oantal betingsten, wêrfan finansjele kompensaasje ien is.
By Go Ahead hawwe se noch in eask, sa seit algemien direkteur Jan Willem van Dop. "De eerste divisie moet aantrekkelijk zijn voor onze fans en dus moet er worden nagedacht over de competitie-opzet." Neffens Van Dop is in earste difyzje yn de hjoeddeistige foarm net ynteressant genôch, as der fjirtjin 'gewoane klups' en fjouwer belofteteams yn sitte.
Op dit moment geldt er maar één belang: dat alle betaald voetbalorganiseaties de zomer van 2021 halen.
John Bes, algemien direkteur fan Almere City
Almere City, FC Eindhoven en Helmond Sport hâlde harren wol oan dat se net mei in yndividueel stânpunt nei bûten komme. John Bes, algemien direkteur fan Almere City, lit it folgjende witte: "Op dit moment geldt er maar één belang: dat alle betaald voetbalorganisaties de zomer van 2021 halen. Om dat doel te bereiken moeten we niets bij voorbaat uitsluiten, dus zelfs een 20/18 verhouding niet. Op dit moment hebben wij, samen met de andere clubs uit de KKD, slechts akkoord gegeven op het onderzoeken van dit scenario en zal moeten blijken of dit een serieuze optie is."
FC Den Bosch lit him alhiel net út oer dizze kwestje. Parsesjef Ester Bal lit it folgjende witte: "Het lijkt ons verstandig dat de KNVB zo spoedig mogelijk om tafel gaat met de clubs om de rust terug te brengen. De situatie is op zichzelf al lastig genoeg. Dit is het enige wat wij er op dit moment over kwijt willen. We zien geen reden om ons nu wel publiekelijk uit te spreken". Ek by TOP Oss sizze se neat ynhâldliks oer de situaasje. "Wij kunnen daar geen antwoord op geven, omdat we dan wel moeten weten onder welke voorwaarden dat gebeurd. Dat is op dit moment nog onduidelijk", sa seit Lotte van den Eerdweg. NAC Breda wol der neat oer sizze.
© Orange Pictures
Het past Telstar niet om zijn mond te houden.
Foarsitter Pieter de Waard fan Telstar nimt dochs gjin stânpunt yn
Telstar is gewoanwei in klup dy't oeral wol in miening oer hat. Yn dizze kwestje is dat allinne wat oars. Foarsitter Pieter de Waard nimt séls de muoite om in antwurd te jaan op de fraach oft syn klup foar of tsjin tweintich klups yn de earedifyzje is. En hy docht dat op de kleurrike wize dy't wy yn fuotballân fan him wend binne: "Het past Telstar niet om zijn mond te houden want we hebben over alles een mening en vaak afwijkend. En die laten we graag horen. Echter in deze heftige tijd willen wij ons nu nadrukkelijk conformeren aan het geheel en niet aan onze eigenwijze individualistische denkbeelden."
By NEC wurde je ek net folle wizer; dy klup draait wat om de hjitte brij hinne. Parsesjef Nick van der Kammen: "We zijn niet per se voor, maar ook niet per se tegen. We kijken wel naar onze supporters. Die willen een seizoenkaart met daarbij topwedstrijden zoals tegen Cambuur en De Graafschap."
By FC Dordrecht, Excelsior en MVV Maastricht krigen wy nul op it rekest. Ek nei ferskate mails en tillefoantsjes namen de trije klups net de muoite om te reagearjen.
Wat it antwurd fan Cambuur en De Graafschap wie op ús fraach? Wat hienen jo sels tocht?
Foar dit ûndersyk hat Omrop Fryslân kontakt socht mei alle betelle fuotbalorganisaasjes yn Nederlân. Klups hawwe sawol tillefoanysk as fia de mail in oantal dagen de kâns krigen te reagearjen. Sa as hjirboppe te lêzen falt, hawwe yn totaal fiif klups net reagearre.