Neushoorn-direkteur Yvonne Bleize: "We hebben die stip aan de horizon nodig"

08 maaie 2020 - 07:18

Teäters en konsertsealen meie, as se dat wolle, op 1 juny wer iepen foar lytse groepen. Dat jildt lykwols net foar poppoadia. Dy falle ûnder de regeling fan de eveneminten en bliuwe dus yn elts gefal oant 1 septimber ticht. Mar ek dêrnei is de takomst net wis. In fikse teloarstelling foar de poadia, sa fynt ek Yvonne Bleize, direkteur fan Neushoorn yn Ljouwert: "Op basis van de huidige situatie kunnen we absoluut niet vooruitkijken."

Neushoorn yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Bleize: "In eerste instantie dacht ik: wat fijn dat er weer een aantal sector op kan starten en ik was in de veronderstelling dat wij daar ook bij hoorden, want de schouwburgen en concertzalen werden genoemd. Later op de avond bleek dat dat niet het geval was en dat poppodia onder evenementen blijven vallen."

Yn de moannen maart, april en maaie besiket Neushoorn in buffer op te bouwen om de rêstige simmermoannen troch te kommen, mar dy buffer ûntbrekt no. "Wij moeten het hebben van tickets en de drankjes die worden verkocht, maar van beide is geen sprake, dus die buffer mist."

Maksimaal 30 persoanen

Dochs iepengean mei maksimaal 30 persoanen is neffens Bleize gjin opsje. "Daar geloof ik niet in. In theaters, concertzalen en bioscopen zet je mensen nog geplaceerd neer, maar dat is bij ons al minder voorstelbaar en het is ook niet rendabel te maken."

Skouboarch De Harmonie, dy't tsjinoer Neushoorn sit, hat ek al sein net yn dit format wurkje te wollen, om't it foar gjinien wurkje sil. Bleize: "Je moet echt naar de keten kijken: wie raakt het allemaal en hoe kunnen we voor hen nieuwe oplossingen bedenken?"

Stip oan de hoarizon

Der is no ferlet fan in 'stip oan de hoarizon', eat dêr't nei ta wurke wurde kin. "Op basis van de huidige situatie kunnen we absoluut niet vooruitkijken, maar we hebben die stip wel degelijk nodig, ook juridisch. Als we nu zeggen dat we het niet tot 1 september, houdt iedereen zijn adem in en dat is niet goed voor deze hele keten. Dan heb ik liever duidelijkheid over een datum die wat verder in de toekomst ligt, maar waar we wel naartoe kunnen werken."

Yvonne Bleize fan Neushoorn

(advertinsje)
(advertinsje)