De N381 oant en mei moandei ticht

08 maaie 2020 - 06:50

De N381 fan Drachten nei de Drintske grins is oant moandeitemoarn 8.00 oere foar in grut part ticht foar al it ferkear. De kommende dagen wurdt it stik fan Donkerbroek nei Easterwâlde fjouwerbaans makke.

Deputearre Avine Fokkens en Heijmans-direkteur Johan ter Horst slute de dyk ôf - Foto: Omrop Fryslan

It ferbreedzjen fan de dyk stiet al skoften op de aginda. Ein jierren '90 waard it neamd yn it provinsjale ferkears- en ferfiersplan. De dyk waard sjoen as ûnfeilich en moast ferdûbele wurde. It earste part wie oant Donkerbroek. Yn 2015 stelde de provinsje nochris 25 miljoen euro beskikber foar de fierdere ferdûbeling oant Easterwâlde.

Deputearre Avine Fokkens hie it moaier fûn as de dyk folslein fjouwerbaans wie oant de Dútske grins. De provinsje Drinte wol dêr lykwols net oan meiwurkje: "Dat vinden wij jammer, maar zij maken eigen keuzes. Ik ben heel blij met wat we nu kunnen doen. De weg is nu een stuk veiliger dan vroeger."

De kommende fjouwer dagen en nachten wurde alle trochstekken op de N381 fuorthelle en opnij asfaltearre. Dat bart ûnder oare by Venekoten en Donkerbroek. Fierder wurdt it krúspunt by de yngong fan Donkerbroek wer yn oarspronklike steat werombrocht. It wurk moat moandeitemoarn 06.00 klear wêze.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma

(advertinsje)
(advertinsje)