Liveblog | 8 maaie 2020

Coronanijs 8 maaie: útbraak yn azc Snits; tolve minsken op intensive care yn Fryslân

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 2 novimber 2020, 16:22
freed 8 maaie 2020
22:30

Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan freed 8 maaie 2020 oer it coronafirus. Elkenien tank foar it folgjen! Dit wie it wichtichste nijs fan dizze freed:
© Omrop Fryslân
22:14

Takom jier gjin EK's yn hynstesport

It ynternasjonale hynstesportbûn FEI hat bekend makke dat der yn 2021 gjin Europeeske kampioenskippen springe, dressuer, para-dressuer en eventing foar senioaren ferriden wurde. Troch it ferpleatsen fan de Olympyske Spelen nei 2021 passe al dizze eveneminten net mear yn de kalinder. De EK's yn de net-olympyske disiplinen geane, sa't it no liket, wol gewoan troch.
22:02

FIDEO: Jonge Cambuurfans sjogge nei koart pleit

Yn de rjochtbank fan Utrecht stie freedtemoarn it koart pleit fan fuotbalklups SC Cambuur en De Graafschap tsjin it fuotbalbûn KNVB op it programma. In rjochtsaak dy't thús, fia in livestream, te sjen wie. Dat waard troch in soad Cambuursupporters manmachtich dien. Ek de 11-jierrige Lars en syn 13-jierrige sus Brigitte seagen op de laptop mei, yn de hoop dat Cambuur dochs noch promovearret.
FIDEO: Jonge Cambuurfans sjogge nei koart pleit
21:34

Fergoeding foar bedriuwen iepenbier ferfier

Bedriuwen yn it iepenbier ferfier krije in fergoeding fan it kabinet fanwegen de coronakrisis. Koepelorganisaasje OV-NL seit dat bedriuwen, it kabinet en oerheden oerienstimming berikt hawwe oer in saneamde 'beskikberheidsfergoeding'. Trems, metro's, treinen en bussen moatte fan 1 juny ôf yn prinsipe wer neffens de reguliere tsjinstregelingen ride. In soad minsken bliuwe lykwols thús wurkje en de ferwachting is dat it tal reizgers beheind bliuwt. It finansjele tekoart dat dêrtroch ûntstiet, moat opfolle wurde, fynt Pedro Peters fan OV-NL.
21:06

It camperplak by Swarte Haan stiet flink fol, mar wol op ôfstân

© Omrop Fryslân
20:06

Fideodeiboek út it MCL: "Ik moast yn de auto in trienstje litte"

Ferpleechkundige Aly de Vries fan it MCL sjocht yn har vlog werom op 22 maart. De dei dat der in soad pasjinten fan Uden nei har sikehûs kamen. It die in soad mei har en dêrom is it foar har sa wichtich dat se nei in tsjinst de natuer yn kin.
© Omrop Fryslân