Rjochtbank en hôf binne coronaproof en kinne wer fysyk sittingen hâlde

De rjochtbank en it gerjochtshôf yn Ljouwert binne coronaproof. Dat betsjut dat fan takom wike ôf wer saken hâlden wurde kinne. Sûnt de ynfiering fan de coronamaatregels lei de fysike rjochtspraak foar it grutste part stil. Saken waarden sa lang behannele fia ynternet. Sa koe sa'n 80 persint fan de sittingen dochs hâlden wurde.
Rjochtbank en hôf binne coronaproof en kinne wer fysyk sittingen hâlde
It is fan grut belang foar de rjochtspraak dat de fertochten fysyk oanwêzich binne, seit tydlik rjochtbank-presidint Herman van der Meer: "De rechter moet een verdachte in de ogen kunnen kijken. Dat ze door hem of haar gezien worden. Dat geldt andersom ook. Dat de verdachte zijn of haar verhaal in de ogen van de rechter kan vertellen." It giet dan benammen om de saken wêrby't persoanen in grutte rol spylje. Van der Meer: "Denk dan dus aan grote strafzaken maar ook aan kinderzaken, echtscheidingen. Dan is het juist goed dat dat oogcontact er is."

Net alles ûnderinoar

It is net sa dat no fuort alle saken wer fysyk behannele wurde. De rjochtbank Noard-Nederlân giet oer op in soarte fan hybride systeem, sa seit Van der Meer: "Zaken waarbij het gaat om de levering van partij goederen bijvoorbeeld of een boedelscheiding en hoe dat moet worden opgelost. Als de partijen en de advocaten dat aan een rechter komen vertellen is dat contact nu minder van belang. Die zaken handelen we nu dus online af." Dat wurdt as it oan de presidint fan de rjochtbank leit net de takomst: "Ik denk dat goed is dat zaken in een zittingszaal afgehandeld worden. Daar gebeurt soms iets magisch in de interactie tussen partijen en rechter. Daar kan digitale techniek niet tegenop."

Stapels wurk

No't de rjochtspraak sân, acht wiken stillein hat, leit der noch in aardich tal saken te wachtsjen. Dochs falt it ta mei de steapels wurk, tinkt Van der Meer: "Kijk, advocaten riepen zeven, acht weken geleden heel hard dat de rechtspraak dicht moest. Dat was terecht want de veiligheid gaat voor. Nu hebben we allemaal maatregelen genomen en zijn er klaar voor. Ja, er zijn achterstanden maar we hebben veel zaken die we op de plank hadden liggen wel af kunnen handelen. Dus het is niet zo dat we twee maanden achterlopen."
© Hayo Bootsma, Omrop Fryslân