Brânwacht rêdt jonge earrebarren út nêst yn Kollum nei fynst twa ferwûne earrebarren

07 maaie 2020 - 21:54

De brânwacht hat tongersdeitejûn twa jonge earrebarren en twa aaien út in nêst helle oan de Lauwersmarwei by Kollum. De brânwacht waard oproppen omdat de earrebarren dy't op it nêst sieten ferwûne rekke wienen en it net bekend wie oft it nêst no leech wie.

Foto: De Vries Media

De twa earrebarren en de twa aaien binne oerlange oan fûgelopfangsintrum Fugelpits. Dy hienen earder op de dei ek al de twa ferwûne fûgels opfongen. Neffens de opfang binne dy mooglik besketten.

Trefwurden: 
brânwacht Kollum earrebarre
(advertinsje)
(advertinsje)