Diks troch it stof by ôfskied: "Ik had wachtgeld meteen moeten weigeren"

07 maaie 2020 - 21:20

Isabelle Diks fan GroenLinks is tongersdeitemiddei by har ôfskied yn de Twadde Keamer troch it stof gien. "Ik had het wachtgeld meteen moeten weigeren en de vergoeding eerder moeten stoppen", skriuwt de âld-wethâlder fan Ljouwert, dy't no wethâlder wurden is yn Grins, yn har ôfskiedsbrief. Diks kaam de ôfrûne tiid yn it nijs omdat se njonken hat ynkommen as Keamerlid brûk makke fan in wachtjildregeling en net transparant wie oer har ferbliuwsplak. Diks krige mear ferbliuwskosten trochdat se ynskreaun stie yn Ljouwert, wylst se eins wenne yn Den Haag.

Isabelle Diks yn de Twadde Keamer - Foto: ANP

"Ik wil de gebeurtenissen rondom mijn wachtgeld en verblijfskostenvergoeding nu hier bij mijn afscheid niet onbenoemd laten. Het is gelukkig duidelijk dat ik feitelijk recht had op beide, maar ik had het wachtgeld meteen moeten weigeren en de vergoeding eerder moeten stoppen. Dit zal ik mezelf nog lang verwijten, maar ik hoop dat de terugbetaling van beide hieraan letterlijk en figuurlijk iets vergoedt", skriuwt Diks yn de brief.

Diks joech earder al oan it jild werom te beteljen.

Keamerfoarsitter kritysk

Keamerfoarsitter Khadija Arib joech Diks by hat ôfskied in feech út de panne. "Je bent veel in het nieuws geweest en niet altijd positief. Dat was niet alleen vervelend voor jou, maar ook voor het aanzien van de Kamer", sei Arib.

Ek it tuskentiidske fuortgean fan Diks bekoart Arib net. "Zeker in jouw geval. Je bent gekozen met voorkeursstemmen. Maar uiteindelijk maakt iedereen daarin zijn of haar eigen keuzes", sa sei de Keamerfoarsitter.

(advertinsje)
(advertinsje)