Kappers ha it alwer smoardrok: "Telefoon staat sinds gister roodgloeiend"

Sûnt it kabinet woansdeitejûn bekend makke dat de kappers fan kommende moandei ôf wer iepen meie, stiet de telefoan by in soad kappers net mear stil. "De telefoon staat hier roodgloeiend", seit Carolien de Groot fan Caro-Line Hair & Make-up yn Frjentsjer. Har kapsalon sit de hiele moanne maaie dan ek al sawat fol.
© ANP
De kappers moatte har fansels wol hâlde oan de coronamaatregels en dus is der minder romte as normaal. "Op sommige dagen werken we hier met acht mensen en dat mag niet meer. Daarvoor is de ruimte te klein", seit De Groot. Har saak kin dêrom noch mar mei fjouwer kapsters tagelyk knippe. Om de drokte dochs op te fangen sille se faker en langer iepen wêze.
Trochdat minsken sa lang net nei de kapper koenen, hawwe guon sels de skjirre of de tondeuze mar pakt. "Ik denk dat we leuke coronacoupes krijgen. Ik ben heel benieuwd. Ik vind het wel mooi dat mensen zichzelf nog wel hebben kunnen redden. Wij hebben ook nog wat kleurtjes verkocht, zodat mensen het zelf bij konden werken. We zullen zien wat we binnenkrijgen", seit De Groot. "Misschien hebben we wel wat meer tijd nodig voordat de boel weer hersteld is."
Kapster Carolien de Groot oer de drokte