De flagge op de tsjerke fan Menaam hinget al dagen healstôk

07 maaie 2020 - 20:11

De flagge op de tsjerke fan Menaam hinget al in pear dagen healstôk. De flagge sit fêst yn it izerwurk op de spits fan de toer. Nei Befrijingsdei soe de flagge fan de toer helle wurde, mar doe bleau de stof heakjen efter it krús.

De flagge fan Menaam - Foto: Kitty Achterberg

Tsjerkerintmaster Johannes Vogel fan Menaam leit út hoe't it safier komme koe: "De flagge stie 5 maaie prachtich te wapperjen. Mar út de tún wei seach ik dat er fêst siet. Dat is yn 2014 al ris earder bard, mar doe koe de wyn de flagge wer losmeitsje. De flagge siet doe mei in lyts puntsje fêst. Mar de flagge sit no minimaal op trije plakken fêst. De flagge is om it krús hinne slein."

Ek mar himmelje

Vogel wie fan doel om Monumentenwacht te beljen. "Ik tocht: dy kinne mei in klimmer komme om it op te lossen. Mar sy meie dat net mear dwaan. Dan moat der ek in teleskoopkraan mei en dat kostet wol in pear sinten. Mar no is der in sertifisearre bedriuw, ATI Abseiltechnieken fan Sint-Nyk, dat sok wurk oan tuorren ek wol docht. En dy minsken kinne foar deselde priis ek it stekwurk noch himmelje. Dus dy moatte mar komme, tochten wy. De toer is fan de tsjerklike gemeente, dus wy moatte der sels foar opdraaie." Freed komme de mannen om de flagge der wei te heljen.

De tsjerkerintmaster hopet wol dat it de lêste kear is. "Wy moatte no sjen hoe't dit yn de takomst foarkommen wurde kin. It is in hiele operaasje om sa'n flagge der wei te heljen. Miskien moat de flaggestôk koarter. Wy moatte in oplossing sykje."

Tsjerkerintmaster Johannes Vogel fan Menaam

Trefwurden: 
Menaam tsjerke flagge
(advertinsje)
(advertinsje)