Rydskoallen meie de dyk wer op: der falt hiel wat yn te heljen

Lang om let wie der woansdei it ferlossende wurd: de rydskoallen meie fan moandei ôf wer los. Der moatte hiel wat maatregels nommen wurde, mar it stof kin fan de auto's. It wie in nuvere tiid foar de rydskoallen, seit rydynstrukteur Nico Lykelema fan Burgum dy't ek foarsitter fan de belange-feriening ABL foar rydskoallehâlders en -ynstrukteurs is.
© Shutterstock.com (Dafinchi)
"It hat it aardige klap west," seit Lykelema. "Op 15 maart krigen wy te hearren dat wy ek yn lockdown moasten. Foar alle lessen wie it exit, sels de motorgroepen. Wy falle ûnder de kontaktgroepen. Dan sjitte je dan in reedlik goed ynkommen ynienen nei nul. Mar de kosten geane wol troch. As jo noch wat fet op 'e bonken hawwe, kinne je it noch wat folhâlde."

Stipe

Der koe wol stipe komme, mar dan moasten it privee- en it saaklik adres op twa ferskate plakken wêze. "En by de measten is dat op itselde adres. Mar aldergeloks koe dat mei it ministearje wol wer oplost wurden," jout Lykelema oan. "Ik hoop net dat der rydskoallen omfalle. Mar as je it al dreech hiene foar dizze krisis en dit komt der nochris boppe-op, dan is de kâns grut dat je it net rêde. Dat is dan ek spitich foar de learlingen dy't dêr by ride."
Der falt noch wol wat yn te heljen, seit er. "Der binne fan 16 maart ôf 300.000 eksamens yn Nederlân dy't net trochgien binne."
Rydynstrukteur Nico Lykelema