Friezinne om utens yn Kataloanië: "We meie 1 kilometer fan hûs fytse"

07 maaie 2020 - 18:57

Krekt as Nederlân giet Spanje hiel stadichoan wer iepen. Friezinne om utens Geartsje de Vries, oarspronklik fan Warkum, wennet yn it Katalaanske Mataró. "We ha hjir wol hân dat de plysje nei it tiidstip seach op dyn kassabontsje fan de supermerk, om te kontrolearjen oftst net te lang bûten hiest."

Geartsje de Vries en har famylje yn Mataró - Foto: Eigen foto

De minsken yn Spanje meie no wol wer nei bûten ta, mar net allegear tagelyk. "Moarns tusken 7.00 en 10.00 oere de folwoeksenen, dêrnei oant 12.00 de âlderein, oerdeis de bern en dan jûns wer folwoeksenen. Dus dan meie we even te joggen of te fytsen."

Net fier fan hûs

De Vries mei sels ek graach fytse, mar dat kin ek mar beheind. "We meie offisjeel mar 1 kilometer fan je hûs. En as folwoeksenen meie we oerdei ek mei de bern te fytsen. Sûnder bern of in hûn bygelyks mei it net. Dan kinst in boete krije tusken de 600 en 6.000 euro, dus dan hâlde je je der wol oan."

Yn Barcelona lizze grutte parkeargaraazjes fol mei lykkisten. Dan tinke je: wat moatte we ek bûten?

Geartsje de Vries yn Mataró

Earst waard noch sein dat it dreech wurde soe om derfoar te soargjen dat elkenien binnen bliuwe soe, mar dat is wol feroare. "Der is in soad eangst, want der binne hjir sa'n protte deaden en siken. De situaasje makket it dernei dat minsken wol lústerje. Sa hast yn Barcelona grutte parkeargaraazjes dy't fol lizze mei lykkisten. Dan tinke je: wat moatte we ek bûten?"

Geartsje de Vries mei har famylje yn Mataró - Foto: Eigen foto

It moaie waar makket it wol oantrekliker om dochs ris bûten te sjen. "Myn bern ha no hast sân wiken binnen sitten en meie oant septimber net nei skoalle. Dan is it moai waar, je sjogge dy prachtige see dêr fierderop, mar it mei net. De strannen binne noch ticht, dêr stiet ek in soad plysje."

Yn fazen

Yn Spanje wurkje de ferskate regio's mei fazen. Regio's dêr't it better giet, kinne in faze omheech. "Guon dielen meie moandei nei faze 1, mar hjir yn Kataloanië binne in soad siken, dus hjir meie we dat noch net."

In pear saken binne wol iepen: kappers, supermerken en apoteken. "En meist op it stuit wol nei in restaurant om kofje of iten te heljen, mar meist der net sitte. Mar fan moandei ôf meie we miskien even op in terras sitte. Alles hinget ôf fan hoefolle minsken oft der op de intensive care lizze, hoefolle siken oft der binne."

Geartsje de Vries yn Mataró

(advertinsje)
(advertinsje)