Bewenners Talmahoeve tsjin kommissaris Brok: "Wy wolle nei bûten!"

Der komt foarearst gjin ferromming fan de coronaregels by de fersoargingshuzen. Dat is de bewenners fan fersoargingshûs Talmahoeve yn Feanwâlden min nei it sin. Se wolle wer nei bûten en de bewenners lieten dat tongersdeitemoarn dúdlik witte oan kommissaris fan de Kening Arno Brok, dy't dêr op wurkbesite wie.
NOCH wurkbesite Brok oan Talma Hoeve
Kommissaris Brok snapt it wol dat de bewenners fan Talmahoeve stommegraach nei bûten wolle. Foar de meiwurkers fan Talmahoeve wie it lûd fan de bewenners net nij. "We hawwe hjir in iepen terras, mei dêrnjonken in fytspaad. As we it loslitte, ha je de kâns dat der fuortendaliks in hiel soad kontakt ûntstiet", fertelt Aukje Bosma fan Talmahoeve. "Op Keningsdei hat Syb van der Ploeg hjir noch spile. Dêr kaam hûndert man publyk op ôf. Dêr kinne de bewenners net tusken stean."
De bewenners folgen it konsert op Keningsdei en ek de besite fan de kommissaris fan de Kening yn de mienskiplike romte.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok op besite by Talma Hoeve © Omrop Fryslân, Onno Falkena
As earste stap rjochting lossere regels sil no yn eltse feilichheidsregio ien fersoargingshûs eksperimintearje mei it hoeden ferromjen fan de regels foar besite en bewenners. Hokker fersoargingshûs yn Fryslân dêroan meidwaan sil, is noch net bekend, mar de Kwadrantgroep - dêr't Talmahoeve by heart - stiet dêr iepen foar.
Ofsjoen fan de isolaasje hawwe de bewenners gjin oare klachten, lieten se de kommissaris witte. "Ik haw wol de yndruk dat yn dit hûs de minske sintraal stiet en net it systeem, en sa heart it ek", sei de kommissaris nei ôfrin fan syn besite.
De kommissaris prate net allinnich mei bewenners, mar ek mei in groep meiwurksters yn útienrinnende funksjes. Sy hawwe mear wurk, omdat de frijwilligers fan Talmahoeve no ek net yn it fersoargingshûs komme meie. Ek sy hoopje dêrom op soepeler regels, sadree't dat feilich kin.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok yn Feanwâlden