Soargen Frjentsjer om asbest

12 jul 2012 - 12:02
  • Wethâlder Twerda

De bewenners oan it Noorder Bolwerk yn Frjentsjer hoege net benaud te wêzen foar de púnbulten yn de strjitte. As der asbest yn sit leveret it gjin gefaar op. Bewenners kamen yn aksje tsjin de bulten dy't mar net opromme wurde. It giet om de restanten fan twa huzen dy't begjin dit jier ôfbaarnd binne.

Der sit miskien asbest tusken de rommel. Oft dat sa is witte de saakkundigen net, want it skynt net oantoanber te wêzen. Dêrom is besletten dat der krekt dien wurdt as sit der wol asbest yn.

De bewenners komme yn aksje omdat flakby in skoalle stiet. De minsken hawwe noed. Neffens wethâlder Twerda is dêr lykwols gjin reden foar.

Trefwurden: 
asbest Noorderbolwerk
(advertinsje)