Sportskoallen en wellness-sintra noch moannen ticht: "Het is onbegrijpelijk"

07 maaie 2020 - 17:57

Foar in soad ûndernimmers brocht de parsekonferinsje fan woansdeitejûn foaral goed nijs, mar net alle bedriuwen hawwe sok posityf nijs krigen. Sa moatte sauna's en sportskoallen noch oant 1 septimber ticht. Dat wylst in soad bedriuwen har al klear makken om ynkoarten wer iepen te gean.

Wellness-sintrum Leeuwerikhoeve yn Burgum sit midden yn in grutte ferbouwing. Eins soe it nije diel op 4 septimber feestlik iepene wurde, mar troch de coronakrisis hat eigener Eric Humme dat nei foaren helle. Boufakkers hawwe yn wykeinen trochwurke sadat op 1 juny alles klear is. Sa hope Humme de skea fan de ôfrûne moannen wat opfange te kinnen.

De skok wie dan ek grut doe't er woansdei nei de parsekonferinsje seach: "Het is onbegrijpelijk. We hebben hier 7000 vierkante meter. Dat biedt veel meer ruimte dan de horeca in bijvoorbeeld het centrum van Leeuwarden."

De hoareka mei fan kommende moanne ôf wer 30 gasten binnen litte. Dat hie foar Humme net út kinnen, mar op 1 july meie der wer 100 minsken nei binnen. Dat soe foar him wol in oplossing wêze. "Wij laten het hier nu bij zitten. Wij kijken nu met de branchevereniging of we toch voor 1 september open mogen."

Ek sportskoallen moatte noch lang wachtsje oant se wer gasten ûntfange kinne. Wylst by Health Center Plantinga yn De Westereen alles yn it wurk setten is om oardel meter-proof te wurden. Oer de hiele flier binne linten plakt dy't oanjouwe hoe ticht je by inoar komme meie en fitness-apparaten binne fierder út elkoar set.

"Wy wienen der echt fanút gien dat we ynkoarten wer los koene. Ik tink ek echt dat dat wol mooglik is", fertelt Klaas de Bruin, ien fan de eigeners. De Bruin hat noch gelok dat er efter de sportskoalle noch in grut gersfjild hat. Dêr waarden al lessen oan bern jûn en fan moandei ôf meie der ek wer lessen jûn wurde oan folwoeksenen. Dat helpt in bytsje, mar it is eins net genôch: "We rêde it wol op, mar dit moat net te lang mear duorje."

(advertinsje)
(advertinsje)