Festivals net earder tastien wannear't der in faksin is, hoe komt it mei Oerol?

07 maaie 2020 - 17:56

Fan it Ryk meie grutte publykseveneminten pas wer as der in faksin is. Dat hat in soad ynfloed. Want hoelang kin it wol net duorje foardat dat der is? It kultuerele festival Oerol dat yn juny wer op Skylge wêze soe, soe dit jier al net trochgean yn syn oarspronklike foarm. Mar wat as it faksin der takom jier noch net is?

Siart Smit fan Oerol - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

"Sûnder stipe oerlibje festivals it net"

Direkteur Siart Smit fan Oerol kin it nijs dat der net earder festivals tastien binne as dat er in faksin is, noch net befetsje. Wy kinne noch wol wat dwaan mei oanpassings. In soad oare festivals kinne dat net. It is in grutte klap foar de hiele sektor en der moat in soad stipe komme as de festivals dat oerlibje wolle.

Digitaal Oerol

Oan de oare kant feroarje dingen ek hieltyd wer, seit Smit. Want wa hat it no noch oer de corona-app? Dêrom hâldt Smit hope dat der dochs wol wat mooglik is. Oerol wie al daande mei plannen foar in ynteraktyf digitaal festival. De organisaasje kriget it net mear foarinoar om foarstellingen foar tritich besikers te organisearjen ûnder de coronabetingsten, no't dat tastien is.

Siart Smit fan Oerol

(advertinsje)
(advertinsje)