De Harmonie giet net iepen foar tritich man publyk
Wy kinne net iepen foar tritich man publyk. Lit dat dúdlik wêze. Direkteur Marijke van der Woude fan skouboarch De Harmonie is net sa posityf oer it nijs foar de kulturele sektor dat it kabinet woansdei bekend makke hat.
De kulturele sektor mei, mei in soad beheinings, de doarren mei yngong fan 1 juny wer iepenje. Ynearsten meie der net mear as tritich minsken yn it publyk sitte. As dat goed giet en it tal besmettingen net omheechgiet, giet dat getal omheech nei hûndert. De maatregels betsjutte in finansjele strop dy't boppe-op de tekoarten komt dy't der al wiene by De Harmonie.
"100 is noch te min"
De krêft fan it teäter is dat minsken mei-inoar in foarstelling meimeitsje en dat kin no net. As it maksimale tal besikers omheechgiet fan tritich nei hûndert, is dat noch te min, neffens Van der Woude. Mar, heakket se deroan ta, wy hawwe ek in maatskiplike funksje en sille der alles oan dwaan om nije dingen te organisearjen, yn hokker foarm dan ek. Wy binne kreatyf en fleksibel.
"Topjier rint sneu ôf"
It stipefûns dat it kabinet oankundige, is hiel wichtich foar De Harmonie. De ôfrûne jierren hat de skoaboarch aardich wat jild út de merk helle. Dat leit no ek stil en dus komt der gjin jild binnen. Oan it begjn fan it jier tochten we dat it in topjier wurde soe. Sneu dat dat net bard is. Wy binne werom by ôf, seit Van der Woude.
De Harmonie sil net sa gau omfalle, mar dit kin net ivich duorje, neffens de direkteur. Se wol takom hjerst wer iepen gean, as it kin.