Flink wat maatregels, mar golfers binne nije wike wer wolkom yn Beetstersweach

07 maaie 2020 - 16:58

Mei in flink pakket maatregels binne golfers fan moandei ôf wer wolkom by Golfclub Lauswolt yn Beetstersweach. Harren kluphûs bliuwt foarearst ticht, minsken wurdt frege nei it beoefenjen fan de sport sa gau mooglik nei hûs te gean. Premier Rutte lei woansdeitejûn út dat net-kontaktsporten lykas golf en tennis fan 11 maaie ôf wer tastien binne. Wedstriden noch net.

Dochs is de Golfclub Lauswolt ek al taret op in weriepening fan harren klupgebou. It terras is bygelyks grutter makke en tafels en stuollen stean fier útinoar. Grutste betingst is dat der tastimming komt fan de gemeente dêr't de golfbaan yn leit. Yn Beetstersweach is dat de gemeente Opsterlân.

Nettsjinsteande it feit dat de golfers fan takom wike ôf it gers wer op kinne is der ek noch teloarstelling. Mids maaie stie de 'Lauswolt Open' op de kalinder. "Dat koe fansels net, want dêr komme in hiel soad minsken op ôf", seit bestjoerslid Jan Klaver. "De hûndert bêste spilers fan ús lân komme dan hjirhinne. Wy ha noch besocht it út te stellen, mar dat koe net", fertelt Klaver.

Der binne ek beheiningen by it brûken fan in buggy - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Der jilde strange regels foar de golfers dy't komme. De maatregels binne needsaaklik, want in grut part fan de leden heart by de risikogroep dy't fetber is foar it firus. "Sa'n 250 leden binne âlder as 60 jier, dêrom nimme wy ús ferantwurdlikens", seit Klaver. Leden moatte har digitaal ynskriuwe foar in tiid dat se komme kinne. Skoarekaarten wurde digitaal byhâlden en spilers wurdt frege foar elke persoan ien baltsje te brûken.

Fierders is op de baan ien toilet iepen en mei der yn in buggy as ferfiersmiddel nei de baan mar ien persoan sitte, of twa persoanen út itselde húshâlden.

Ferslachjouwer Timo Jepkema yn petear mei in bestjoerslid Klaver

Golfers binne nije wike wer wolkom - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Gewoanwei begjint de kompetysje foar golf yn Beetstersweach om 1 april hinne. De minsken dy't de 'greens' ûnderhâlde ha it lestich hân de lêste tiid. It gers hie net te lijen fan it tal minsken dat der wie, mar hat wol bot lêst hân fan de drûchte. "Mar it is wol nuver om je wurk te dwaan en der is gjin minske," seit greenkeeper Richard Ferdinands.

Alles wurdt klearmakke om wer golfe te kinnen - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

"Wy ha der foar soarge dat minsken aansten wer in perfekt flak stik terrein ha foar de sport. Hjoed moatte wy noch meane en 'dresse', dat is it sân struie. Dêrmei wurdt it flak," leit Ferdinands út.

(advertinsje)
(advertinsje)