Buma: net alles moat ôfhingje fan hanthavening

07 maaie 2020 - 16:33

Gemeenten moatte goede ôfspraken mei alle sektoaren meitsje oer hoe't se sa folle mooglik wer iepen kinne en besjen wat der gebeure moat as it net goed giet. Dat is de útkomst fan in oerlis dat de boargemasters fan alle Fryske gemeenten tongersdei hân ha.

Sybrand Buma - Foto: ANP

Dat oerlis komt nei de ferromming fan de coronamaatregels, sa't premier Rutte dy oankundige. "Het belangrijkste is dat er nu meer open kan", seit Sybrand Buma, boargemaster fan Ljouwert en foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân. "En het kan ook allemaal iets sneller open dan we eerst verwachtten. Er is nog veel te wensen over, maar de richting waar we opgaan is heel gunstig."

Net alles moat aanst ôfhingje fan de hanthavening, seit Buma. Minsken moatte foaral sels ferantwurdlikheidsbesef ha. "Dus thuisblijven bij klachten, niet de drukte opzoeken, afstand houden. Als mensen dat doen, dan komen we er. Als we het alleen van de handhaving moeten hebben, dan is er nooit genoeg om alles te kunnen handhaven."

Romte foar rekreaasjesektor wichtich foar Fryslân

"Helaas zitten we hier nog heel lang in vast. Het is mooi dat het nu goed gaat, maar dat betekent niet dat het goed blijft gaan. Ook voor de ondernemers blijft het onzeker, maar voor Fryslân is het wel heel belangrijk dat de recreatiesector meer ruimte krijgt en veel meer kan doen dan tot nu toe."

Grutte eveneminten kinne lykwols net trochgean oant der in faksin is. "We houden nog heel lang een situatie die voor ons niet normaal is. Je kunt niet iets verzinnen waarbij grote manifestaties door kunnen gaan. Met 50.000 mensen bij elkaar heb je zomaar weer een piek. En dus houden we nog heel lang beperkende maatregelen. Maar de basis is gunstig, het gaat de goede kant op."

Plak fan proef noch net bekend

Wêr't de ferromming fan de maatregels noch beheind is, binne de ferpleechhûzen. Ynkoarten dogge 25 ferpleechhûzen mei oan in proef, sy meie beheind iepen. Yn feilichheidsregio's giet it om ien ferpleechhûs, dus ek yn Fryslân. Wêr krekt is noch net bekend, seit Buma. "Daar wordt nog over overlegd. De sector beoordeelt zelf waar dat het beste kan, zij kunnen dat beter dan wij. Het is wel verdrietig dat bezoek op de meeste plekken nog weg moet blijven. Voor de groepen in verpleeghuizen is deze situatie het lastigst, maar je moet juist daar het meest voorzichtig zijn."

Sybrand Buma

(advertinsje)
(advertinsje)