Hânrem fergetten, bestelbuske yn Drachten rôlet rjochting wetter

07 maaie 2020 - 16:27

Yn Drachten is tongersdei in bestelbuske út himsels begûn te riden, omdat de auto net op de hânrem stie. De sjauffeur hie it buske delset by in bedriuw oan de Nopkowleane.

Foto: Kappers Media

It buske rôle de strjitte oer yn de rjochting fan it wetter. It bleau hingjen op de wâlskant en kaam mei de achterbumper yn it wetter ta stilstân. In bergingsbedriuw hat it buske fuorttakele.

Trefwurden: 
Drachten hânrem bestelbuske
(advertinsje)
(advertinsje)