Burgum krijt in boartersstrantsje by it Wetter en Willepark

07 maaie 2020 - 16:05

Burgum krijt der in strantsje by. Tongersdei sette grûnwurkers yn opdracht fan de gemeente Tytsjerksteradiel útein mei it oanlizzen fan in boartersstrantsje en in lisfjild by it Wetter en Willepark. It idee foar in strantsje is by de ynwenners fan Burgum sels weikaam.

Foto: Stichting Wetter en Willepark Burgum

It doarpsbelang hie foar it 125-jierrich bestean in priisfraach útskreaun foar 'it bêste plan foar Burgum'. It idee foar in strantsje krige de measte stimmen. Nei alle gedachten is it wurk oer twa wiken klear. It wurk wurdt dien troch it bedriuw Heinze de Boer fan Sumar.

(advertinsje)
(advertinsje)