Arnold Kruiswijk mei fuort

12 jul 2012 - 11:56

Arnold Kruiswijk hat fan technysk direkteur Johan Hansma te hearren krigen dat er oant heal augustus transferfrij fuort mei. It kontrakt fan Kruiswijk rint noch twa seizoenen troch. "Arnold hoeft van ons niet weg, maar wij hebben hem de ruimte gegeven om zich heen te kijken", sa seit Hansma. De sintrale ferdigener hat ein ferline seizoen oanjûn dat er net gelokkich is as banksitter. Mei de komst fan Chris Kum fan ADO is de situaasje fan Kruiswijk der lykwols net better op wurden.

Youssef El Akchaoui hat fan Hansma te hearren krigen dat er net langer yn 'e plannen fan Hearrenfean foarkomt. Syn kontrakt rint noch ien seizoen troch, mar El Akchaoui mei op syk nei in oare wurkjouwer.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)