Cambuur-direkteur: koart pleit is de wedstriid fan it jier

07 maaie 2020 - 15:28

It koart pleit fan freed dêr't Cambuur promoasje nei de earedifyzje mei ôftwinge wol, is foar de klup de wedstriid fan it jier. Dat seit algemien direkteur Ard de Graaf op SCCambuurTV.

Ard de Graaf - Foto: www.orange-pictures.nl

Neffens De Graaf is it koart pleit it iennichste dêr't se by de klup mei dwaande binne. Cambuur stie boppe-oan yn de earste difyzje, mar de KNVB hat besletten dat der fanwege de coronakrisis gjinien promovearret of degradearret.

Cambuur wol dat beslút toetse litte troch de rjochter, omdat it beslút net neffens de regleminten wêze soe. De klup hat it koart pleit oanspand mei De Graafschap. Dy klup stiet twadde. Beide klups wurde yn de rjochtseal fertsjintwurdige troch Dolf Segaar. Dy hie it leafst hân dat der in nije algemiene ledegearkomste komme soe, mar dat komt letter pas.

It koart pleit tsjinnet freed om 10.00 oere yn Utrecht. Publyk kin der net by wêze, mar it koart pleit is wol live te folgjen op omropfryslan.nl en yn de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)