See-earnen yn De Alde Feanen pearje wol, mar briede net foar de kamera

07 maaie 2020 - 15:21

Mear as in miljoen minsken ha de ôfrûne wiken mei webcams nei fûgels yn natuergebieten sjoen. In grut sukses, ek foar De Alde Feanen. Mar it nêst dêr't twa see-earnen bret ha, dêr hong krekt gjin kamera. "Se hiene trije kilometer fierderop in nij grut nêst makke", seit Andries Dijkstra fan It Fryske Gea.

Byld fan de kamera yn De Alde Feanen - Foto: It Fryske Gea

"It giet om itselde pearke dat de ôfrûne trije jier ek yn De Alde Feanen bret hat." Doe diene se dat yn it nêst dêr't in kamera stiet. "Se hiene noch wat bining mei it âlde nêst. Dat wie fantastysk om te sjen, se kamen noch wol faak even by dat âlde nêst del. Se ha der in pear kear peare, it wie harren leafdesnêstke."

De hauken, dy't dêr ek mei it nêst dwaande wiene, fûnen dat neffens Dijkstra mar neat. Dêrom makken de see-earnen dat nije nêst, trije kilometer fierderop. Dêr't dus gjin kamera hinget. "Om dat ta te rieden mei sa'n kamera moatte je hiel betiid begjinne", seit Dijkstra. "En yntusken binne se al klear mei brieden. Mei in teleskoop kinne je de jongen sitten sjen. It duorret noch wol even foardat se útfleane."

It is ek wol moai dat dy bisten tinke: 'ja minsken, dat ha jim moai betocht, mar we dogge it lekker oars'.

Andries Dijkstra fan It Fryske Gea

Is it teloarstellend dat de see-earnen in plak sûnder kamera útsocht ha? "Tuerlik, we hiene der graach in kamera by ha wold. Mar de natuer lit him net twinge. En ik fyn it ek wol in bytsje moai, dat dy bisten tinke: 'ja minsken, dat ha jim moai betocht, mar we dogge it lekker oars'."

Takom jier wer?

Oft der takom jier wer kamera's yn De Alde Feanen hingje, is noch even ôfwachtsjen. Dijkstra: "We ha it der wol even oer hân, oft it ek mooglik is om in kamera by dat nije nêst te krijen. It is technysk sjoen wol hiel yngewikkeld. As it in bytsje kin, dan besykje we it wol. Mar je moatte neat fersteure, see-earnen binne dêr wol in bytsje gefoelich foar."

Briedsukses is it wichtichste

Al mei al is Dijkstra tefreden oer de bylden dy't de lêste tiid fêstlein binne. "It is skitterjend wat je sjogge. De mûzefalk komt del, de swarte krie, kersebiters, de nylgoes, de stienmurd. It wie in hiel dynamyske perioade. It briedsukses koene je dan net sjen, mar dat der sukses wie, is foar ús fûgelleafhawwers it belangrykste."

Andries Dijkstra fan It Fryske Gea

(advertinsje)
(advertinsje)