Fytsers ferwûne by oanridingen yn Ryptsjerk en Drachten
Op de Westerdyk yn Ryptsjerk binne tongersdeitemiddei in auto en in fytser mei elkoar yn botsing kaam. De fytser rekke ferwûne by it ûngelok.
Omstanners ferlienden earste help yn ôfwachting fan de helptsjinsten. De fytser is mei ûnbekende fewûnings oerbrocht nei it sikehûs. De auto rekke flink skansearre troch de botsing.
Ek yn Drachten
Oan de Eikesingel yn Drachten is in âldere man op in fyts ek ferwûne rekke nei in botsing mei in auto. Troch de oanriding foel de man fan syn fyts. Omstanners regelen in stoel, wêrop't er wachtsje koe op de helptsjinsten. Dy ha him meinommen yn de ambulânse.