Sels de Alvestêdeferiening tinkt nei oer coronafirus: "Hoe moat dit yn himelsnamme?"

07 maaie 2020 - 14:23

De simmer komt der stadichoan oan, dus in Alvestêdetocht leit op it stuit net foar de hân. Dochs hat it bestjoer fan de feriening Friesche Elf Steden wol kontakt oer hoe't it komt as der genôch iis leit, mar it coronafirus noch net fuort is.

Jan Oostenbrug en foarsitter Wiebe Wieling fan de feriening De Friesche Elf Steden - Foto: ANP

Want grutte eveneminten meie net trochgean, salang't der gjin faksin is. En dat kin noch wol even duorje. Mocht it takom winter foar it earst sûnt 1997 kâld genôch wêze, dan is it dus noch mar de fraach oft der riden wurde kin. "We ha it hjir mei it bestjoer ek oer hân", seit foarsitter Wiebe Wieling. "Hoe moatte je dit yn himelsnamme adressearje as de situaasje him foardocht? Ik ha der noch gjin antwurd op, mar we moatte der wol oer neitinke."

26.000 riders byelkoar

Oardel meter ôfstân hâlde by in Alvestêdetocht is yn alle gefallen ûnmooglik. "26.000 riders dy't moarns betiid byelkoar komme moatte om fuort te gean... dat is in hiel yngewikkelde fraach, foarsichtich sein."

Dochs leaut Wieling net dat it safier komt. "As der kâns is op in tocht dêr't we al sa lang op wachtsje, dan giet dat tink ik wol foar. Mar litte we mar hoopje dat der oer in healjier in faksin is."

Wiebe Wieling

(advertinsje)
(advertinsje)