Kafee-eigener: "Kinst minsken net de hiele jûn op in kruk sitte litte"

Kafees yn Ljouwert binne dwaande mei de tarieding nei 1 juny ta. Dan meie de terrassen wer iepen en yn de kroech sels binne gasten wer wolkom mei in maksimum fan tritich en op 1,5 meter ôfstân faninoar. Eigeners freegje harren ôf oft it allegearre wol kin en rendabel is.
Kafee-eigener: "Kinst minsken net de hiele jûn op in kruk sitte litte"
"It wurdt dreech mei dy oardelmeter ôfstân. Kinst minsken yn in kafee net de hiele jûn op in kruk sitte litte. Dat dogge se net", seit wurdfierder Ton Eijer fan de Ljouwerter kafees. Neffens de nije regels moatte besikers reservearje, se moatte sitte en ôfstan hâlde. Eijer is bliid mei de ferromming, mar it is net genôch om de boel draaiende te hâlden. "It is behelpen."
It is behelpen.
Ton Eijer, wurdfierder Ljouwerter kafees
It Ruterskertier yn Ljouwert wurdt mooglik ôfsluten foar ferkear yn grutte terrassen mooglik te meitsjen © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Romte meitsje foar terrassen

De hoareka yn Ljouwert is yn oerlis mei de gemeente om romte te meitsjen foar terrassen. Sa soe it hiele Saailân ien grut terras wurde kinne dêr't meardere hoarekasaken iten en drinken servearje. Der soene ek mear terrassen op de Nijstêd, op it Ruterskertier en op it Gûverneursplein komme kinne. Dêrfoar soene strjitten ôfsluten wurde moatten.
It Saailân yn Ljouwert ien grut terras? © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Lyts kafee sit gau 'fol'

Der meie net mear as tritich gasten yn it kafee sitte. De lytse kroechjes yn de Doelestege komme dêr fanwege de ûndelinge ôfstân net iens oan ta. Foar harren is de situaasje hielendal dreech, seit Eijer. As dy in pear minsken talitte, sitte se samar 'fol'. Fertsjinne wurdt der no noch neat of net folle, mar Eijer is bliid mei it twadde helppakket dat it kabinet woansdei op de parsekonferinsje oankundige.
Ton Eijer