Fiif Ljouwerters oanholden om drugshannel

07 maaie 2020 - 13:11

De plysje hat fiif Ljouwerters tusken de 23 en 49 jier oanholden yn ferbân mei drugshannel yn de stêd. By ynfallen yn ferskate gebouwen fûn de plysje ûnder oare 15.000 euro oan kontant jild.

Foto: ANP

De saak kaam oan it rôljen nei't de plysje klachten krigen hie oer drugshannel op ferskate plakken yn Ljouwert. Dêrop is de plysje úteinset mei in ûndersyk en ha se ynfallen dien yn fjouwer wenningen yn de Schepenbuurt en de Vrijheidswijk en yn in winkel oan de Tuinen. By dy ynfallen ha se de fiif manlju oanholden.

Njonken it jild hat de plysje ek telefoans, kompjûters, administraasje en drugs yn beslach nommen. De fiif fertochten sitte noch fêst. Sy meie allinnich kontakt ha mei harren advokaat.

Trefwurden: 
Ljouwert drugs drugshannel
(advertinsje)
(advertinsje)