Fuortset ûnderwiis begjin juny wer los: "It wurdt net wer sa't it wie"

Nei sawat trije moannen thús sitten meie de learlingen yn it fuortset ûnderwiis op 2 juny wer nei de skoallen. Mar wat dogge de skoallen yn dy pear wiken foar de simmerfakânsje? Bestjoerder Wiebe Wieling fan skoallemienskip Piter Jelles en Simon Vestdijk leit út hoe't de kommende perioade derút sjocht.
Wiebe Wieling © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Jo skoallemienskip hat 14 lokaasjes, binne dy der al klear foar om wer iepen?
"Dat tink ik noch net. De regeljouwing is noch mar krekt bekend. En der sit mar pear wiken tusken 2 juny en 6 july, de simmerfakânsje. Wat dogge je presys yn dy perioade? It opstarten sa as yn it ferline, dat kin gewoan net yn in pear wiken, want tagelyk binne je oan it ôfbouwen nei de simmerfakânsje. Dus we moatte no plannen meitsje foar elk fan de lokaasjes. De details binne noch net bekend."
Ferskate lokaasjes, dus dat is oeral oars?
"It wurdt foar elke lokaasje apart besjoen. Der binne skoallen mei 1200 learlingen, mar ek guon mei 250, dy't lytser binne. Elke kear moat maatwurk dien wurde foar dy lêste wiken foar de simmerfakânsje, dat ferskilt hiel bot."
Wat moatte je dwaan om de gebouwen coronaproof te krijen?
"Dat is hiel yngewikkeld. As we op oardel meter wurkje moatte, dan kin fan de 6.000 learlingen sa'n 1.500 teplak. Hoe krijst se nei binnen ta? It ferfier allinnich is al in fraachstik. En dêrnei: hoe hâldst de ôfstân yn it gebou? As it underwiis net kin sa as earst, wat dogge je dan? We jouwe in soad omtinken oan it sosjale aspekt, dat groepen elkoar wer kennen leare. Learlingen misse har ûnderwiis, de klasgenoaten, it hiele sosjale gebeuren. Wat is de rol fan coaches en begelieders yn hoe't we wer mei elkoar omgean kinne? Dat is bêst hiel yngewikkeld."
It Ljouwerter Lyceum, ien fan de skoallen fan OSG Piter Jelles © eigen foto
Der binne noch in soad fragen dus, hoe't jim it ha moatte.
"Ja, dy fragen binne der al langer, mar we ha noch net alle antwurden. We ha de lêste tiid it ôfstânsûnderwiis foarmjûn, dat bliuwt tink ik wol in ûnderdiel fan it ûnderwiis. We geane echt net werom nei hoe't it allegear wie. It sil in miks wurde. Mar wat betsjut it foar de skoalgebouwen, de ynrjochting? Dat is noch net allegear dúdlik."
Wêrom soene je net werom kinne nei hoe't it wie, as der ienkear in faksin is?
"We ha yn dizze trije moannen in hiel soad leard. Sa is it net altyd nedich om mei 30 bern yn de klasse te sitten. Dat wie op in hiel soad plakken ek al net mear sa. Mar ôfstânsûnderwiis kin hiel effektyf wêze. Wêrom soene we dat dan los litte? Dan jouwe we mear omtinken oan it sosjale aspekt."
Yn it basisûnderwiis is net elk like gelokkich mei it iepengean fan de skoallen. Hoe sit dat by jim?
"Dat jildt hjir krekt sa. Salang't der noch gjin faksin is en noch net alle bedrigingen fuort binne, bliuwe der minsken dy't noch wol eangsten ha. Dat sil in lyts groepke wêze nei juny, de measten sille wol fertrouwen ha. De lûden dy't we oant no ta hearre is dat minsken wol oan it wurk geane. Nar der sitte altyd guon by mei twivels."
Wiebe Wieling