Boek oer Reve-tiid Greonterp

12 jul 2012 - 11:50

De eardere partners fan Gerard Reve skriuwe in boek oer harren tiid yn Greonterp mei de skriuwer. It boek fan Willem Bruno van Albada en Henk van Manen - better bekend as Teigetje en Woelrat - ferskynt op 1 septimber. It hjit Ons leven met Reve.

Reve wenne fan 1964 oant 1971 yn Greonterp yn Huize Het Gras. Under dy namme hawwe Van Albada en Van Manen in soad foto's út dy tiid publisearre.

(advertinsje)