Margreet de Graaf fan GGD Fryslân: "Die 1,5 meter houden we misschien wel 1,5 jaar vol"

07 maaie 2020 - 12:04

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân gjin nije coronastjergefallen meld. Dat nijs bringt GGD Fryslân. Dêrmei bliuwt it oantal minsken dat ferstoarn is oan de gefolgen fan it coronafirus op 63 stean. Der binne it ôfrûne etmiel wol twa nije positive tests bykaam. By 526 Friezen is it firus no offisjeel fêststeld.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

Stadichoan komt der wer wat mear frijheid. Dat is woansdei dúdlik wurden, nei de parsekonferinsje fan it kabinet. Hieltyd mear sektoaren kinne in bytsje los, mar allegear wol ûnder foarbehâld, sadat it net de ferkearde kant wer útgiet mei it oantal besmettingen. De GGD is hjirop taret mei in saneamde 'exit-strategy'. "We spreken zelf liever van een transitiestrategie, want helemaal eruit komen we voorlopig niet", seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân. "Dat zei minister De Jonge ook in de persconferentie: pas als er een vaccin is, kun je opnieuw bekijken of je het helemaal los kunt laten."

Kontrôlestadium

Oant dy tiid sille we neffens De Graaf yn in soarte fan kontrôlestadium komme, wêryn't in oantal regels der gewoan yn bliuwt. "Die anderhalve meter houden we misschien wel anderhalf jaar vol. Dat betekent dat we samen met het RIVM kijken waar we een toename van het virus zien. Daarvoor moeten we dus veel gaan testen en contactonderzoek gaan doen, om mensen te alarmeren dat ze misschien in contact zijn geweest met een coronapatiënt en zich moeten laten testen."

Reproduksjegetal

As de maatskippij wer loslitten wurdt, is de kâns op in nije útbraak grut. "Het reproductiegetal in Nederland is nu één. Dat betekent dat van elke positief geteste persoon je minder dan één nieuwe positief geteste persoon krijgt." As dat getal leech bliuwt, giet it goed, mar as it reproduksjegetal heger as ien wurdt, komme der folle mear besmettings. "Hoe hard het stijgt, moeten we onder controle houden. Maar dat het gaat stijgen, weet je wel zeker als iedereen meer met elkaar in contact is. Daarom is het zo belangrijk dat, ook al kunnen we iets meer ons leven oppakken, we het niet helemaal loslaten."

Yn stapkes

Neffens De Graaf moatte alles yn stapkes oanpakken bliuwe. "Bijvoorbeeld wel op het terras zitten, maar niet binnen, niet meer dan 30 mensen bij elkaar, goed afstand houden van elkaar, hygiënisch blijven en thuis blijven met klachten is het belangrijkste. Als we dat allemaal doen, heb je de kans dat elke positieve patiënt maximaal één ander aansteekt."

Masters, juffen en jeugdtrainers meie sûnt tongersdei ek test wurde. Sy kinne fia de bedriuwsdokter oanjaan dat se test wurde wolle. "Natuurlijk beginnen we daar vandaag mee, want daar wil je niet mee wachten tot de eerste schooldag. Dat gebeurt ook op de testlocatie die al was ingericht. Daar is ruim voldoende plek."

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)