LIJST058: 'Hierders kultureel brûsplak Ljouwert yn de problemen troch btw-skeel'

07 maaie 2020 - 12:01

Ferskate hierders fan in kultureel brûsplak oan de Cornelis Trooststrjitte yn Ljouwert komme yn de problemen troch in skeel oer de btw. Dat seit fraksjefoarsitter Otto van der Galiën fan LIJST058. Hy wol fan boargemaster en wethâlders witte wat der krekt oan de hân is.

It pân oan de Cornelis Trooststrjitte - Foto: Omrop Fryslân

De gemeente stuts in jier lyn 1,6 miljoen euro oan it gebou dêr't earder de legere technyske skoalle yn siet. It gebou is opknapt, sadat keunstners der wurkje koene.

Nei't de gemeente it jild deryn stutsen hie, gong de hier omheech. Dêrtroch ferlieten trettjin keunstners harren atelier dêr.

Neffens Van der Galiën binne der hierders dy't klachten ha oer hoe't in kontaktpersoan fan de gemeente mei harren kommunisearret. Dyjinge soe yntimidearjend wêze en net reagearje op mailtsjes of telefoantsjes. Boppedat is der ûndúdlikheid oer de hierkontrakten. Guon hierders ha moannen sûnder kontrakt sitten, neffens Van der Galiën. Hy wol witte oft dat yntusken allegear oplost is.

(advertinsje)
(advertinsje)