Fryske musea wer iepen yn juny, nije regels lykje op dy fan winkels

07 maaie 2020 - 11:24

De musea yn Fryslân binne op 1 juny klear om mei oanpassingen wer publyk te ûntfangen. Dat is de fêste oertsjûging fan Mirjam Pragt, direkteur fan de Museumfederaasje Fryslân dêr't 74 musea by oansletten binne. "Ik ben zo blij, dat we weer open kunnen."

De koppen fan De Stiennen Man fan Harns yn it Fries Museum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Fuortendaliks nei it bekend wurden fan de datum wêrop't ek musea wer los meie, kamen de fragen al binnen oer bygelyks beskermingsmaterialen, rûten en hoe om te gean mei frijwilligers. De kommende wiken sille alle needsaaklike oanpassings dien wurde. "Ga er maar vanuit dat dat veel zal lijken op hoe winkels er nu mee omgaan."

Frijwilligers

Frijwilligers meie sels beslute oft se beskikber binne foar publykstaken. "Wie tot een risicogroep behoort, zal natuurlijk niet meteen rondleidingen verzorgen." Neffens Pragt sitte in soad musea wol krap, mar stean se noch net op omfallen. "We moeten nog bekijken hoe ze er precies voorstaan, maar we gaan voor een sterke sector, ook na de crisis!"

Mirjam Pragt, Museumfederaasje Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)