Jonges ferniele bus op Skylge
In 16-jierrige jonge út Penjum en in 18-jierrige Harnzer binne woansdeitenacht oppakt omdat se op Skylge in bus oan it fernielen wiene. Se makken diel út fan in gruttere groep dy't nachts mei de bus werom nei de camping brocht waard.
In befeiliger op de bus seach hoe't de twa in stek yn de bus sloopten. Op de Hoofdweg yn Baaidunen binne de twa út de bus helle en beboete.