Meanmasine stellen yn Bontebok

12 jul 2012 - 11:06

Ut in skuorre yn Bontebok is woansdeitenacht in boskmeanmasine stellen. De bewenner, in 48-jierrige man, hie twa manlju sjoen en seach dat syn boskmeanmasine fuort wie. Hy warskôge de plysje, dy't even fierderop in parkearde auto mei de masine deryn weromfûn.

Net folle letter seagen de plysjeminsken de twa fertochten - in 18-jierrige en in 21-jierrige Grinzer - yn de auto fuortriden en koene se oanhâlde.

Trefwurden: 
Bontebok boskmeanmasine
(advertinsje)