Dronken man springt yn feart

12 jul 2012 - 10:57

In 43-jierrige Ljouwerter is woansdei yn Mantgum oanhâlden op fertinking fan iepenbiere dronkenskip. Ek soe de man yn de trein fan Ljouwert nei Mantgum in treinreizger mishannele hawwe.

Nei de rûzje wie de man op stasjon Mantgum útstapt. Dêr woe er mei de bus werom nei Ljouwert, mar de bussjauffeur woe him der net ynlitte. Doe sprong er yn de feart. De plysje hat de man oppakt.

Trefwurden: 
dronken
(advertinsje)