PVV wol ûndersyk subsydzjes

12 jul 2012 - 10:50
  • Harkje nei de reportaazje

Subsydzjedossiers fan de provinsje binne net folslein. Der misse somtiden wichtige stikken lykas in ferslach fan de akkountant. Dat docht bliken út ûndersyk fan in studint fan de NHL. As staazjeopdracht fan de PVV Fryslân hat hy ûndersocht hoe't de subsydzjedossiers opboud binne en oft dy folslein binne. Fan de fiif ûndersochte ynstellings, lykas Partoer, binne by fjouwer de dossiers net folslein. De PVV wol no opheldering fan it kolleezje fan DS.

Neffens de provinsje binne alle dossiers folslein mar ha se efterstannen by de ôfhanneling.

Dêr wurdt op it stuit hurd oan wurke. Ek sille yn de takomst alle ôfdielings dy't te krijen ha mei subsydjzeferliening byinoar set wurde. Dat is ek ien fan de oanbefellings út it ûndersyk.

Trefwurden: 
PVV subsydzjedossier
(advertinsje)